Oer BlueSunday


BlueSunday is:

Welmoed (út Fryslân), sang & oanfoljende ynstruminten, en Patrick (”made in Belgium"), gitaren.

Ekstra ynstruminten dy't brûkt wurde, binne (û.o.) bas-ukulele, harmonika, akkordeön en hândrum.

Foardat we BlueSunday begûnen, yn 2013, hat elk fan ús jierren yn ferskate gearstallingen muzyk makke; Welmoed ek solo.

We bringe in mjuks fan eigen nûmers en nûmers dy ’t troch oaren skreaun binne, oftewol ”covers”.

Covers ek, omdat der troch de tiid hinne ûnfoarstelber folle, hiel moaie lieten skreaun binne dy ’t it fertsjinje om heard te wurden.

De muzyksoarte dy ’t we bringe, is ”roots music”.

Roots music is ien fan de soarten dy ’t falle ûnder de term Americana en is in hjoeddeiske mjuks-foarm fan de autentike blues, country en folk.

Muzyksoarten dy’t nei Amearika meibrocht waarden út ’e hiele wrâld wei.

Fan de covers wurdt somtiden it ynstrumintale diel in bytsje ferboud, somtiden de tekst, somtiden beide. Dêrmei wurde it ús eigen ferzy’s, mar altyd mei it grutste omtinken foar de essinsje sa as bedoeld troch de skriuwer!

We fine it fijn om ús muzyk te dielen mei oandachtige harkers, yn bgl. tsjerkjes, húskeamers, of yn hokfoar yntime romte dan ek mar (skuorre, skip/boat, esfh.)

De basis is semy-akoestysk en we beskikke oer de apparatuur om ek folslein fersterke optredens te fersoargjen.

Hopentlik oant sjen,

Welmoed en Patrick



Foto: Henk Schalken